Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Aapminske

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Doe’t yn de jûntiid wolken fregen
wat ik yn har foarmen seach,
begûn in byld foar my te rizen,
fier foarby it minsklik each.

In bisteboel, yn tiid fertize,
fan miljoenen jierren lyn,
de foarfaar fan de aap en minske,
foar religy dôf en blyn.

Image

En ûnder alle hege winsken,
aap- en minskekop gelyk,
berûn in surfer noch it wetter
as messias nei syn ryk.

‘Wat bisto, kristen of in ketter?’
frege doe de bisteboel.
Ik seach nei ’t byld fan jûntiids skepping,
wylst de aap dreau oer de poel.

Image

admin

Hartoch Jan

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wa’t harket nei ’t ferhaal fan hartoch Jan,
sil nea de libbenssin ferjitte,
tusken heech en leech krekt yn te sitten
as oprjochte man.

Image

Sa klom de eale hartoch froed fan hert
al hymjend nei de ile hichte
om te dichtsjen himelsk oer de lichte,
mar it slagge net.

Teloarsteld yn syn ynspiraasjegod
waard hegerop foar Jan tefolle,
dwilich bûgde hy de lege holle
en sjedêr it gat.

Image

Dêr gong it by de steile treppen del
en daliks op in gysten sûpen,
op in diaboalysk gnizend krûpen
nei it gat, de hel.

De hichte socht der doe de midden fan
en helle helman boppe wetter,
skonk in stiel- en plastic ramt, wat better
wie foar hartoch Jan.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum