Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Oarloch op de Iselmar

Lyrysk Deiboek

Ut ’e aktualiteit fan 2019

It oarlochsskip lei op De Lemmer klear
om as de wjerljocht út te farren
as baltend ’t bloedoek hise waard;
it gie om mear as om de sfear,
it moast op hege weagen barre.

Mei fjirtjin skippen brûzend út ’e start
oer bakboard hingjend nei de polder;
de oarlochsboaiem lei paraat
om yn te gripen, sa’t it moat,
as klappen klinke by de bolder.

Mei trettjin skippen fierder yn de striid,
want Huzum hie it seildoek strutsen,
syn fjochters wiene fan de kaart,
omdat it om it heechste giet,
op ’t dek lei de yllúzje brutsen.

De striid gie tusken Grou en Earnewâld,
dy’t sûnder oarlochsskip fûl fochten
mei wapens neffens skippers aard,
want dy tradysje is al âld;
de winst kaam hjoed by Grou terjochte.

 

 

admin

Wâldsein op ien ein

Lyrysk Deiboek

Ut ’e aktualiteit fan 2019

Wâldsein wie útrûn op ien ein,
de polderdyk by de Yndyk,
dêr soe de striid begjinne
mei krêft trije, waard foarsein,
de fiif soe ’t sels fan fjouwer winne.

Start ien wie net in goed begjin,
de twadde krige wol gelyk,
de skûtsjes koene sile,
oan de wyn rûn ’t nei it sin:
oer bakboard yn in flugge file.

It wâlfolk kaam optein oerein
foar ’t spul tichtby de polderdyk,
dêr’t hege baren rûnen,
’t wetter spielde oars as rein,
mar sloech yn de Yndyk gjin wûnen.

Wâldsein rûn net en sakke ôf,
mei ’t Hearrenfean wie’t gjin ferlyk,
dat soe úteinlik winne,
wylst De Lemmer en Doarp Grou
de striid beskôgen as in minne.

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum