Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Twivel

Lyrysk Deiboek

Tusken wolk en himelsblau
is de bôge yn syn elemint,
in knypeach fan de sinne,
wylst it grien in glimke krijt,
gjin pylk oan hichte wint.

Tusken wittenskip en himelsk lûd
bin ik oan twivel wend,
om beide kin ’k net hinne;
ljocht dat brekt, hat ús fernijd
dat alles wurdt bekend.

Earder joech in delgeand lûd hâldfêst,
dat tenei gjin floed it wint
fan wolkeloft en sinne,
dat is wat de bôge seit,
mar wêr’t it hinne rint…

… mei it klimaat? De twivel jout gjin rêst.

admin

Koade read-oranje

Lyrysk Deiboek

Noch donker fan de lange nacht
hat gjin tûke yn de gaten
wat him hjoed te wachtsjen stiet;
hy slacht op ’t waarberjocht gjin acht,
hat mei syn maten noch net praten.

Iksels hie ’t waarberjocht wol heard,
hong foaroer tsjin fûle twirren,
song myn deistich stappersliet;
dêr tusken plattelân en stêd
waard my ’t foarútsicht iepenbiere.

It dage yn it easten mei
wat foar eagen kaam mei koade
read-oranje, ’t waarberjocht
yn kleur, dêr seagen tûken nei:
de himel as de ûnheilsboade.

De kleuren rekken rap al wei,
makken plak foar grauwe goaden,
tsjin wa’t ik fûl rinnend focht.

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum