Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Lok yn 2020

Lyrysk Deiboek

Sechtjin lege eagen
stoarje nei de lege loft,
dy’t fol west hat mei fjoer
en reek, de dize hinget
foar de middei noch in skoft.

Nijjiersminsken seagen
hoe’t de pylken spatten fjoer
yn alle kleuren fan
de bôge, guon ha skôge
’t faaie libben, ’t hold net oer.

Ien fan beide eagen
hâldt de moed der noch wol yn
om takom jier te sjen
hoe’t pylken kleuren spatte
sûnder dat men rekket blyn.

Optimisten sjogge
no al út nei takom jier
mei stjerren oan de loft,
in knypeach nei de takomst…
lok foardat it is safier!

admin

Dynamysk Frijheidsbyld

Lyrysk Deiboek

It slacht der as de bliksem yn
by my: de frijheid wurdt wer troffen
troch de macht dy’t gjin beheining ken:
diktators litte ’t byld ûntploffe.

Lykas mynhear de presidint,
dy’t fan gjin rjochte wegen witte
wol, de leagens sprekke elkoar skjin,
de smoargens rint troch buormans strjitte.

De tonger rôlet oer de wrâld
en lit de bange frijheid trilje;
wa’t tiran wurdt, sprekt him út: ‘Ik bin
de earste om ferset te stiljen.’

It slacht wer as de bliksem yn
as ’t Frijheidsbyld fan ’t plak feroare
is, ik hear har stille stim: ‘Ik rin
om hjir de frijheid oan te boarjen.’

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum