Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Europapa

Lyrysk Deiboek

fan ûnbekend*

Syn skouders binne breder
as syn lytse namme is,
syn pak ek folle blauwer
as de Sweedske wolkeloft,
mar is syn takomst wis?

Hy sjongt de stjerren fan de
himel, rapt der flink op los,
syn show kin sprekken lije
mei it liet Europapa,
mar is hy net de klos?

Syn Fryske bloed streamt troch de
ieren, fljocht soms samar op,
sadat de konfrontaasje
driget foar Europapa
te brûzjen nei in flop.

Syn brede skouders binne
gjin garânsje foar sukses,
syn blauwe pak sit nauwer
as Europapa, wrâldwiid,
ferneamd, ek nei de clash.

* Foto ‘Joost Klein’


admin

Libjende monoliten

Lyrysk Deiboek


Der wiene noch gjin drones
dy’t bommen falle litte
dat gjin stien mear sitten bliuwt,
wat minskehannen meitsje,
komt mei ien klap del,
mar sy ha doe wol switten.

Swier is in monolyt,
noch swierder as de bommen
dy’t ferniele alles wat
de minskehannen meitsje,
dy’t losreitsje fan
de lichems dy’t delkomme.

De lichems fan de lju
dy’t krom stien ha fan ’t lûken
oan de swiere monolyt,
ha troch de tiden hinne
libje litten wat
der skreaun is yn de boeken.


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum