Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Mei it each op loft en bern

Keunst

fan Jan van Goyen*



It wie net foar de earste kear
dat hy in swarte himel seach,
mar altyd wie it troch it finster,
dat lûd joech troch de rein en heil
en troch de wjerljocht glinster.

Hjoed wie er op ’e bou by ’t strân
by kleare loft en lege weach;
gjin each hie hy foar wat der riisde,
omdat er bûgd stie boppe ’t lân,
dat him syn plicht oanwiisde:

‘Sa silsto swittend oan it wurk
as Adam dy’t nei ’t boulân teach
om dêr te bodzjen yn de sinne!’
Doe seach er it berûne swurk…
wêr koed er doe noch hinne?

Foar him wie it de earste kear
dat hy God ljochtsjen bûten seach,
syn grime hearde yn de tonger;
mei hannen gear bea hy om heil,
oars kriich syn kroas thús honger.

* Jan van Goyen (1596-1656)
Skilderij ‘Tongerloft’

admin

Neat oan te dwaan

Keunst

fan Théodore-Joseph Geirnaert*



Koe sy der wat oan dwaan
dat har man tefolle dronk
en dus te min betelle,
wêr’t noch bykaam heit syn slaan.

Koe hy der wat oan dwaan
dat de hân tefolle skonk,
hy koe it tal net telle,
dat it koste him syn baan.

Koe hy der wat oan dwaan
as de tsjinstfeint fan ’t gerjocht,
hy woe har net bestelle,
koe perfoarst gjin útstel jaan.

Koe ’t kroas der wat oan dwaan,
bern dêr’t mem gjin klean foar kocht,
wat koe sy har fertelle
oars as: ‘Moatst heit mar ferjaan.’

Net yn ’t gewoane dwaan,
want it like nearne nei
sa’t alles bûten helle
waard om slachjes út te slaan.

* Théodore-Joseph Geirnaert (1790-1859)
Skilderij ‘Ferkeap nei beslachlizzing’

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum