Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Allegory fan it sicht

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jan Brueghel en Peter Paul Rubens*

Image

It is mar hoe’t men it besjocht,
gjin minske-each is krekt gelyk
en op itselde rjochte,
’t iene sjocht it inkeld ljocht
en ’t oare yn it tsjuster bryk.

Mar skilders litte alles sjen,
teminsten twa dy’t derfoar gean
as duo yn profesje:
Rubens dy’t de minske ken,
foar Brueghel leit gjin lânskip skean.

Sjedêr it lânskip fan it atelier
mei útsicht op noch folle mear
troch mannich striel ferljochte;
beide skilders binne ree,
sy wurken foar de fisy gear.

* Jan Brueghel (1568-1625)
en Peter Paul Rubens (1577-1640)
hawwe yn oparbeidzjen
‘Allegory fan it sicht’ skildere.
Brueghel makke de lânskippen
en it atelier, Rubens stie noed
foar de persoanen.

admin

Oan de Lek

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jan Weissenbruch*

Image

De Lek leit blak, de stream foar dea,
in spegel foar de wolken,
droechte skuort de dyk syn lea
en op ‘e wâlkant lizze balken.

De slûs ferbynt rivier en gea,
gjin stream noch en gjin kolken,
diskant lizze stiennen klear
en nei de dyk  ta lange balken.

Ek klear leit fierderop it fear
om oer de spegel hinne,
de fearman fart deis mannich kear,
noch faker as it oantal stiennen.

En as de hjerst komt lizze fêst
de balken foar de stiennen,
foarby is dan de simmerrêst,
de Lek lit sterk syn streamen rinne.

* Jan Weissenbruch (1822-1880),
berne yn De Haach,
fertsjintwurdige mei syn eksakte styl
de âldere generaasje yn de skilderkeunst.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum