Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Dûns op ‘e tiid

Keunst
PDF Print E-mail
fan Nicolas Poussin*

Image

Heit Tiid wie nei it lânskip flein
fan wille sille wy hjoed meitsje,
hat de fingers op ‘e snaren lein
en liet de willemakkers laitsje.

Sa dûnsen rykdom, earmoed, nocht
en wurk sân oeren yn de rûnte,
want it libben gie ek troch de bocht,
’t ferskaat siet boppe-al yn ’t bûnte.

En boppe ried de sinnegod,
de ring fan ivichheid yn hannen:
‘Lit jim gean, want rûn is ’t minskelot,
sjoch ek nei Janus yn twa stannen.’

Dêr stie syn byld fan kop tsjin kop,
sa koed er beide tiden fine,
mei de takomst hied er ’t measte op,
mar wol op grûn fan it ferline.

En op ‘e grûn beseagen bern
it minskelibben op har wize:
blaze, sjoch, de bûlen gean ferlern
en sân rint del, kin net wer rize.

* Nicolas Poussin (1594-1665),
skilder fan ûnder oare de klassiken,
makke dit allegoaryske skilderij
yn opdracht fan in kardinaal,
de lettere paus Clemens IX.
De putto’s boartsje mei
in bûltsjeblazer en in sânglês.

admin

Le Pardon

Keunst
PDF Print E-mail
fan Honoré Daumier*

Image

Oan ’t krús, dêr hinget Hy al jierren
boppe folle hollen fan it rjocht
fan dy’t it yn de steat te sizzen ha,
har eigen Kristus dy’t hjir iepenbierret
wat justysje sels al ieuwen tocht.

Dêr sit er dan mei bûgde holle
yn de bank, in wachter njonken him,
want neffens wet en oarder heart it sa;
de lege mage waard him wat tefolle,
Jezus, watfoar soadsje binne jim!

De finger rjocht, sa wiist er alle
sittings as in master advokaat,
want op ‘e earmtakhichte moat it ta:
‘Sjoch Jezus Kristus, neat wie him tefolle,
sûnders fine by syn krúsdea baat.’

* Honoré Daumier (1808-1879)
is it bekendst wurden troch syn karikatueren,
dêr’t er ek foar yn de finzenis sitten hat.
Yn it Frânske roomsk-katolike keninkryk
wie hy ateistysk republikein.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum