Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Kristus yn Brussel

Keunst
PDF Print E-mail
fan James Ensor*

Image

Hy waard berne yn Oostende,
dêr’t ek wurkfolk wenne, earm en djip
yn ’t lijen, dat heech oprûn
ta reboelje, sels de kening hie gjin grip
mear, mar de ein wie wer ellinde.

Skilder waard er, dat moast wenne
yn de wrâld fan hoe’t it wie en moast;
om’t hy de paden oprûn
fan reboelje, waard syn skilderstreek it koartst,
dochs hied er langstme nei erkenning.

Kristus liet er kleurryk komme
yn de haadstêd Brussel sa’t hy woe;
it folk dat mei Him oprûn,
song jûchheiend sa’t it op dy dei noch koe
oant by it krús it lûd ferstomme.

Heechop, sa woe hy ek sitte,
mar net heger, hingjend oan it krús;
it lok is mei him oprûn,
frijút fielde hy him op dy hichte thús,
in elk soe fan syn yntocht witte.

* James Ensor (1860-1949), tekener, skilder en etser,
waard oan it begjin fan syn karriêre miskend,
mar letter eare as in grut keunstner.

admin

Vulcanus en Venus

Keunst
PDF Print E-mail
fan de bruorren Le Nain*

Image

Vulcanus, god fan alle smidden,
koe wol krekt de krêft fan fjoer
foar ’t bûgen fan it hurdste stiel,
mar ’t smeien liet er oan de feinten oer,
hy wie in god fan út ‘e midden.

Hy hie in frou as in goadinne,
kreas en mei in fjurrich aard,
fan bûgen frjemd, dus hurd as stiel;
har hert lei op it ambyld fan in maat,
sa waard sy gloeiend syn freondinne.

Vulcanus koe doe wolkom hjitte
Venus en har Cupido,
syn hert waard weak as sêftread stiel;
de hammerslaggen klonken stielhurd ho,
mar dêr koe Venus net mei sitte.

* De bruorren Le Nain,
dy’t yn de 16de  ieu libben,
wiene alle trije skilder.
Se wurde meastal as
in ienheid beskreaun,
om’t net bekend is
wa’t wat skildere hat.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum