Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Boeren

Keunst
PDF Print E-mail
fan Charley Toorop*

Image

Sy wurken hurd op âldfaars grûn
om út ‘e klaai it brea te winnen,
fan moarns ier oant yn de jûn,
as Adam ’t swit yn elke tear,
sa lei har wrâld derhinne.

De hearen boargers, heech fan lear,
ferkearden frij yn har fermidden
om te winnen mear en mear
en seagen ’t proletariaat
om inkeld foar te bidden.

It lei net yn de boer syn aard
te striden foar de revolúsje,
hy hie ’t boere-ark paraat
as wapen, yn in hecht ferbûn
fan fiif hie hy fidúsje.

* Charley Toorop (1891-1956),
dochter fan skilder Jan Toorop,
makke nei 1920 monumintale wurken
yn Dútsk ekspressionistyske trant.

admin

De knollefoet

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jusepe de Ribera*

Image

Wêrom sil ik sitten gean,
de holle djip foaroer
op ’t stompke fan de hân
om nei myn knollefoet te stoarjen?
Folle leaver wol ik stean,
wat skeelt my hjoed de kloer,
ik swalkje op myn knol troch ’t lân.

Hjoed sil elkenien him sjen,
myn skjinne biddelbrief
mei wurden yn ’t Latyn:
Gods leafde, jou my gau in jelmis,
sokssawat, oars giest ferlern,
want sjoch my net as dief,
ik kin rap hippe as in knyn.

Moarn sil ik wol sitten gean
op ’t drokste fan de merk
en tichtby it paleis:
‘Gods leafde, jou my gau in jelmis…’
Elkenien bliuwt foar my stean,
smyt rap wat yn myn flerk
en oaremoarn? Wer ûnderweis!

* Jusepe de Ribera (1591-1652)
skildere de ynvalide, jonge bidler yn Napels,
dêr’t er it grutste part fan syn karriêre wenne.
Hy hie in swak foar minsken yn de nederklits.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum