Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Willem Frederik fan Oranje

Keunst
PDF Print E-mail
fan J.F.A. Tischbein*

Image

Dêr hast him, wier it is gjin oar
as Willem Frederik fan jong Oranje,
noch mar sechtjin yn in wrâld
fan blanke pruken, wite franje,
om syn smelle skouders ’t blau ‘du corps’.

De brune eagen litte ’t sjen:
reboelje om it hûs fan âld Oranje,
op ‘e flecht foar patriot
en ’t blanke libben sûnder franje…
giet foar him it heechste amt ferlern?

Hy sjocht noch net de Frânske tiid,
de flecht oer see en achttjin jier ferballe,
wachtsjend op ‘e lêste slach
fan wit hoefolle deaden falle,
syn memento mori nei de striid.

It tinken duorret noait sa lang,
de skouders breed, de hannen út ‘e mouwe,
want der komt in nije tiid
foar Willem om wer op te bouwen
nei it heechste: keninklik fan rang.

* J.F.A. Tischbein (1750-1812)
krige syn oplieding yn Parys en Italië.
Yn 1788 makke er njoggen pastels
fan de Oranjes.

admin

Bêste Henriëtte

Keunst
PDF Print E-mail
fan Henri Evenepoel*

Image

Nea bestoarme hy de himel,
wie in skilder fan ’t bewende paad,
ferkearde leaver yn it skaad
as yn de kleurewrimel.

Dit is ’t byld fan Henriëtte,
omkesizzer, as model paraat,
mei wa’t er yn syn kleuren praat
om har stil del te setten.

Faam, sa sjochsto út dyn eagen,
kritysk, yn it libben al ier wiis,
ik set de himel yn blaugriis,
dyn hier rint út yn weagen.

Omke, moat ik lang sa sitte,
sels bist drok, do suchtest, switst dy dea,
sa gysten seach ik dy noch nea
of wolst it sels net witte?

‘k Wit it, faaks is dit myn lêste,
dêrom komt de himel yn blaugriis,
bestoarmers krije faak de priis,
do bist ien fan myn bêste.

* Henri Evenepoel (1872-1899)
krige syn oplieding yn Parys.
Hy oerwintere om syn swakke sûnens
oan de ein fan syn libben yn Noard-Afrika.
‘Henriëtte mei de grutte hoed’
is ien fan syn lêste skilderijen.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum