Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Yn it bargeleger

Keunst
PDF Print E-mail
fan P.J.C. Gabriël*

Image

Moarns by skimer steane se al klear,
de koppen tanich, lichems meager,
swarte streekjes yn ’t egale gea,
dat oan har sûget, mei de jierren mear,
it wrottend bargeleger.

’t Fean komt sûgjend út ‘e weake grûn,
dêr’t sy de hiele lea opsette,
beide skonken op it wiffe hout,
de lege tonnen oan de flotten bûn,
har weet fan swiertewetten.

As it ljocht de kimen trilje lit,
dan is it pypskoft yn de tinten,
wurdt it leger út it lânskip wei
as ea, wannear’t gjinien mear fan har wit,
wat oerbliuwt is har klinte.

* P.J.C. Gabriël (1828-1903)
hearde ta de earste generaasje
fan de Haachske Skoalle.
Hy skildere by foarkar
it Nederlânske polderlânskip.

admin

Gebed foar it iten

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jean Baptiste Siméon Chardin*

Image

Alles wat yn lykwicht is,
lit middenyn de wizer sjen,
nei boppen wizend is ’t wol wis:
gjin wurd giet himelheech ferlern.

Fluit en tromme bearden lûd
yn ’t stampend dûnsspul fan de bern,
wat rekke mem yn ’t stille moed,
de deemoed wie har oan te sjen.

Alles stie foar ’t iten klear,
har taak hie sy sawat folbrocht,
no moast de tsjinner deroer gear,
hy hold de rêch en ’t mielblêd rjocht.

Noch wie ’t lykwicht net folslein,
de stilte frege om in lûd,
de bern ha op Gods tromme slein,
Hy harke skerp en wiisde ’t goed.

* Jean Baptiste Siméon Chardin (1699-1779)
wie in Frânske skilder fan privee- en stillibbens
yn in tiid dat Olympyske goaden, trageedzjes
en arkadyske lânskippen populêr wiene.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum