Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Sinnekening

Keunst
PDF Print E-mail
fan anonym*

Image

Dêr sit Anna, Frânske keninginne
út it hôf fan Eastenryk,
it read fan leafde om har hinne,
mem as alle memmen yn it lân,
mar sy de keningin te ryk.

Sierlik wie de tiid fan it barokke
dêr’t it bern yn berne waard,
sadat it jonkje stie yn rokken
mei de hantsjes yn de memmehân,
ûnwittend fan Europa’s kaart.

Kening waard de beuker yn Versailles,
op syn fiifde op ‘e troan
fan ’t ryk dat stribbe nei de kaaien
fan de wrâldmacht, man fan hege stân,
de sinne mei in gouden kroan.

* Skilderij ‘Anna fan Eastenryk
mei har soan Loadewyk XIV’

admin

Winter en simmer

Keunst
PDF Print E-mail
fan J.B. Jongkind*

Image

Hy wie gjin bern mear, mar wol jong fan geast,
fertelde op it doek ferhalen
dy’t er oerbrocht, kâld en strang,
beskôge ’t as syn byldprofesje,
byld fan knoffelhakken op it searst,
fan lange streken, koarte halen,
by it poeiermolketintsje earste rang,
de fluchste rider krijt it meast,
it boerke swijt yn alle talen,
want de winter duorret al sa lang,
sa die de skilder oan transpresje.

It jongste wie derôf doe’t hy wat socht,
de waarmte dy’t him ynspirearre,
trilling yn de atmosfear,
de spanning mar dan sûnder presje,
byld beskynd troch simmersk, swevend ljocht,
in stilte om stil nei te hearren,
heech ’t kastiel mei tuorren, mar noch frou noch hear,
wol froulju troch de dagen sljocht
mei ’t famke, glimkjend observearre,
sokke ljochte simmers komme mear,
dat wie de skilder syn ympresje.

Image

* J.B. Jongkind (1819-1891),
dy’t him yn 1846 yn Parys festige,
wie in skilder fan lânskippen.
Hy wurdt beskôge as in foarrinder
fan it ympresjonisme.
Skilderij ‘Le château de Milheung’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum