Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Yn de Nes

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jan Toorop*

Image

Fol fleur wie ’t libben yn de Nes,
muzyk en dûns oant yn de nacht
as wie it ljochtskyndei;
wa hie ferlet fan ien op wacht
of fan Moraal in les?

De mem siet by it ljocht fan gas
dat rûze fan har eigen tiid
mei ’t nachtfeest yn de Nes:
de eagen ticht, de skonken wiid
en dan der mar op los.

De heit sloech mei in sletsje om,
dus moast de lytse faam wol mei
nei ’t nachtspul yn de Nes;
sy gûlde, út ‘e sliep rûch wei,
de suster hold har stom.

De fleur wie yn de Nes foar har
sa middenyn de nacht rap út
en koart wie ek de les:
‘Do hâldst tenei it by in tút,
dyn rok sit yn de war.’

* Jan Toorop (1858-1928)
waard beynfloede troch it pointillisme
fan de Frânske skilder Seurat.
Hy paste ek de styl fan it ympresjonisme
en it symbolisme ta.

admin

De bolle

Keunst
PDF Print E-mail
fan Paulus Potter*

Image

Hjir stean ik dan as tûke boer,
noch lyts, mar wat net is, kin komme,
grutsk sjoch ik it hear ris oer…
in oar syn praat kin my neat bomme!

Sjoch no ris nei it skiep mei ’t laam,
in ienheid, is ’t net krekt in plaatsje
nei it wurk fan rappe raam…
wat male my in oar syn praatsjes!

Myn stamboekko hjir tsjin de stam
seach ’t kealjen lêstendeis wol lizzen…
sitten, deunsk mar no wer lam…
’t kin my neat skele wat se sizze!

De bolle is myn grutst besit,
it foarein kin wol sprekken lije,
alles wat derachter sit,
is lytser, mar ’t sil my benije.

* Paulus Potter (1625-1647)
wie ien fan de earste skilders
dy’t dieren as ûnderwerp keas.
It skilderij mjit 235,5 x 339 cm.
 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum