Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Snoad swalkje

Keunst
PDF Print E-mail
fan Salomon van Ruysdael*

Image

Ik, swalker oer it streamend wetter
fan rivieren slingerjend troch ’t lân,
ha foar de sinne en de moanne
spand de tinte yn de snoade stân
en kraait moarns ier de hoanne,
krij ik knap foar it ferstân:
rivieren streame better
as men set de dei nei eigen hân.

Se kamen daliks nei it kraaien,
fiskers, mannen tusken nacht en dei,
ik hearde ’t plûnzjen fan de riemen,
wist hjoed ha ‘k de simmersinne mei;
doe seach ik har koart kriemen
mei de netten samar wei
yn ’t wetter; fisken snaaie
like my wol snoad sa as it lei.

Ynienen hearde ‘k kij dy’t balten,
stadich glidend oer myn swalkrivier,
ik seach de fearman hingjend kloetsjen,
want it boerespultsje weage swier;
ik wist, myn taak is hoedzje
wylst snoad melkend dier nei dier,
sil bakke fisk yn molke,
sa kom ik de nacht troch… oant moarnier!

* Salomon van Ruysdael (sirka 1602-1670)
waard berne yn Amsterdam, mar it grutste part
fan syn libben wenne er yn Haarlem.
Hy skildere faak beammen, fertikale eleminten,
dy’t yn kombinaasje mei in horizontale struktuer
foar dramatyk soargen.
Skilderij ‘Rivierlânskip mei beammen’.

admin

Yn de Nes

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jan Toorop*

Image

Fol fleur wie ’t libben yn de Nes,
muzyk en dûns oant yn de nacht
as wie it ljochtskyndei;
wa hie ferlet fan ien op wacht
of fan Moraal in les?

De mem siet by it ljocht fan gas
dat rûze fan har eigen tiid
mei ’t nachtfeest yn de Nes:
de eagen ticht, de skonken wiid
en dan der mar op los.

De heit sloech mei in sletsje om,
dus moast de lytse faam wol mei
nei ’t nachtspul yn de Nes;
sy gûlde, út ‘e sliep rûch wei,
de suster hold har stom.

De fleur wie yn de Nes foar har
sa middenyn de nacht rap út
en koart wie ek de les:
‘Do hâldst tenei it by in tút,
dyn rok sit yn de war.’

* Jan Toorop (1858-1928)
waard beynfloede troch it pointillisme
fan de Frânske skilder Seurat.
Hy paste ek de styl fan it ympresjonisme
en it symbolisme ta.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum