Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Krekte broadsjes

Keunst
PDF Print E-mail
fan Dick Ket*

Image

Se sizze, Ket is yn syn bylden saai,
hat dingen op ‘e doeken set
dy’t sprekke fan it sljochtweihinne,
wat seit de minske no in aai
en krekte broadsjes hoecht er net.

Ik wit, myn skilderaard is net spontaan,
mar djipte stribje ik wol nei,
in rêst as ’t libben ûnder wetter,
it sweven yn de oseaan
met krekte broadsjes en in aai.

Se sizze, mar der is gjin sizzen fan
as ’t byld sprekt fan de djippe wei
fan al dy sljochtweihinne dingen,
bysûnder libben wurdt it dan
mei krekte broadsjes en in aai.

* Dick Ket (1902-1940)
hie earst in brede skilderstyl.
Sirka 1930 gie er oer op
it minusjeus werjaan fan
gewoane dingen.  

admin

Telemachus en Mentor

Keunst
PDF Print E-mail
fan Giovanni Battista Tiepolo*

Image

It spant derom, dit is ’t momint
dat Telemachus, soan fan Odysseus,
nei Mentor keart it linkerear;
hy is ferheard, snapt net de hint
oer bôge, koker, pylken mei in fear
fan heit, al jierren fuort en nea werom.

Hy gie op reis, de wrâld wie rom
en rôp him foar de lange odyssee,
in ivichheid fol aventoer;
syn frou, dêr kamen frijers om,
dy’t tochten, ’t is mei Odysseus wol oer,
mar Penelope bleau him treurjend trou.

Sjedêr ’t momint fan Mentor: ‘Jou
de bôge oan dy man, ’t is Odysseus,
dyn heit, hy is werom, stiet klear!’
Hy spant, de frijers fan syn frou
ferlieze ’t leave libben foar de ear
fan Penelope, foar de neisten rou.

* Giovanni Battista Tiepolo (1696-1770)
wie in ferneamd dekorateur fan muorren
en plafonds yn paleizen en tsjerken,
skilderingen fol beweging yn tsjinstelling
mei dit skilderij, dat in momint fan stilte
sjen lit.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum