Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Nei de slach

Keunst
PDF Print E-mail
fan Eugène Delacroix*

Image

It lêste deiljocht strykt oer ’t gea
de kleuren fan de nederlaach;
fiktoarje kraaiend wie ’t begjin,
de striid ferrûn as yn in flaach
dy’t yn de jûn stonk nei de dea.

De hynders hawwe lang noch draafd
en harke nei de baas-huzaar
dy’t raasde dat it bloed waard tin;
no lizze sy yn wyn en waar,
gjinien dy’t noch har grêven graaft.

Dêr komt omheech de kurassier,
dy’t skûle tusken ’t hynstefleis
foar kûgels sûnder doel of sin;
wa wit wie dit syn lêste reis
en bliedt er dea by ’t eale dier.

Wol deale, nee, wie dit it no?
Hy draait de holle stadich om
en sjocht de liken, nee, ik bin
yn libben, mar net út op rom,
nee, nea wurdt dit myn Waterloo.

* Eugène Delacroix (1798-1863) wie yn de skilderkeunst
ien fan de earste fertsjintwurdigers fan de Romantyk.
It skilderij ‘De jûn nei de slach by Waterloo’
is mei it aksint op kleur in goed foarbyld fan syn styl.

admin

Skôgje by Dimter

Keunst
PDF Print E-mail
fan Salomon van Ruysdael*

Image

Gjin gea kin flakker lizze
as wjerskanten de rivier,
dêr’t Dimter stekt wat heger,
mar yn wolkemjitte noch net fier
de loft yn, ’t kin de skôger misse.

Hy skôget trije fiskers
oan wjerskanten fan it net,
aksinten yn de leechte
fan it lânskip op ‘e foargrûn set…
oan ’t wurk, mar ’t kin de skôger misse.

Hy skôget, sa te sizzen,
’t willefarren mei wat striid
yn trije folle boaten
mei de flagge op ‘e heechste spriet,
mar omkeard, ’t kin de siler misse.

* Salomon van Ruysdael (sirka 1602-1670)
waard berne yn Naarden, mar wenne
syn hiele fierdere libben yn Haarlem.
As lânskipsskilder lei er him foaral ta
op rivieren, dêr’t it skilderij
‘Sicht op Dimter út it noardwesten wei’
in moai foarbyld fan is.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum