Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Keninklike graasje

Keunst
PDF Print E-mail
fan Honoré Victorien Daumier*

Image

Dêr leit er yn de boeien slein
om’t hy syn kritysk tinken
oer de kening** hearre liet;
no is er yn de sel tenein,
lit inkeld noch syn kreunen klinke,
wylst de kening by him stiet.

‘Ealachtber rjochter, ’t is wol wis
de man kin amper drinke,
is wat mei syn selstraf mis?’

‘Lit, Majesteit, gjin misferstân
bestean, it wie de namme
dy’t er oan de kening joech:
jo giene as ‘De Par’ troch ’t lân.
Hoe kin sa’n mûle ûnbeskamme
’t fruchtfleis koarje yn de kroech?’

‘Ealachtber rjochter, sa’t ik fiel,
kin ’t hert gjin sprekken lije,
dat de man is gjin gefaar
foar keningshûs en Frânske siel,
hy mei fan my de frijheid krije,
miskien foar noch in dei moai waar.’

* Honoré Victorien Daumier (1808-1879)
makke yn syn libben mear as 4000 satiryske lito’s.
Hy stie oan de kant fan de minske dy’t de klappen krige.

** Louis Philippe

admin

Op it portret

Keunst
PDF Print E-mail
Fan Nicolaes Maes*

Image

Hjir stean ik dan, Job Janssoan Cuyter,
ryk as Job yn ’t bibelboek,
mar net sa earm troch ramp nei ramp,
as keapman bin ik wol sa tûk
en hear ik ta ’t foarname kamp.

O ja, ik ha in frou en berntsjes,
moai mei my op it portret,
woe ‘k ha, want sa bin ik te sjen
as man en heit, no sa, oars net,
want wa’t him weismyt, giet ferlern.

No ja, ferlieze kin elk minske,
trije berntsjes op ‘e wolk
as kearûbyntsjes by de Hear,
want yn de himel komt ús folk
fan frommen mei de hannen gear.

Myn stokje wiist nei ’t romme wetter,
dêr’t myn skip foar anker leit,
in seintsje en dêr hast se al,
hjoed meie frou en bern mei heit
te farren, foar in oerke lol.

* Nicolaes Maes (1634-1693) skildere
‘Portret fan de famylje Job Jansz. Cuyter’
nei’t er him earst op oare sjenres talein hie.
Hy keas as ien fan de earsten fan syn generaasje
foar de ljochtere kleuren wyt en read.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum