Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Lyts al âld

Keunst
PDF Print E-mail
fan Pieter de Hooch*

Image

Se hie gjin sicht oer ’t gea,
mar libbe tusken hout en stien,
de bak, it sket, de muorren;
blêden wiene net sa grien,
in tûke gie hast dea.

Se koe de stien net sjen
en lêze boppe ’t wyt en read,
wist neat noch fan in kleaster;
nonnen diene neat ferkeard,
mar mocht sy wêze bern?

Se libbe yn har wrâld
fan amer biezem en de bak
en koe al strjitsjes skrobje;
famkes hiene net in fak,
mar wiene lyts al âld.

* Pieter de Hooch (1629-1684)
wenne mar koart yn Delft,
dochs is út dy perioade syn wurk
fan it arsjitektoanyske skilderjen
it bekendst wurden.
Dit skilderij hat de namme
‘Binnenplak fan in hûs yn Delft’.

admin

Twa famkes

Keunst
PDF Print E-mail
fan Antoine Wiertz*

Image

De skilder lei ’t palet skean del
en stiek de kwasten yn it gat,
sei doe tsjin Paula, syn model,
hâld efkes lins en rin mar wat.

Se kaam oerein en loek it kleed,
trochsichtich, heger oer it fel
en hold it rôze losjes beet,
it kaam op iepen hâlding del.

Se rûn om ezel en palet,
de eachopslach, yn noch gjin tel,
ûntdekte ’t hingjende skelet,
se waard net skruten, ek net kjel.

Dêr stie se mei har, each yn gat,
en lies it briefke op ‘e krún:
Rosine, earst sa moai as wat,
wie as in roas yn Venus’ tún.

De skilder pakte ’t ark wer op,
wylst ’t each nei beide famkes loek
en sketste har fan kont oant top
as twilling op it blanke doek.

* Antoine Wiertz (1806-1865)
waard berne yn Dinant en studearre
op ‘e keunstakademy yn Antwerpen.
Hy makke útsûnderlike skilderijen.
Yn Brussel hied er in gigantysk atelier
en in eigen museum.   

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum