Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Moraal

Keunst
PDF Print E-mail
fan Paul Gauguin*

Image

De tsjerkeklokken hiene roppen
foar gebed en Kristus’ lea,
op dizze dei it hillich miel,
en wylst de seine komt fan boppen,
rinne sy mei folle siel
wjerkôgjend troch it gea.

Net oars as swart-bûnt yn de jassen,
passend by de kristenplicht…
Marie wie yn it read en giel,
wat net by Kristus’ lijen passe,
koe ’t ek oars, in lege siel
jout faak in bûnt gesicht.

Net iens in kilometer fierder
skuort in frou yn ’t droege hea,
joech krekt noch oan har bern it boarst,
har rispinge, de boer as siedder,
koe in wurkster oars, se moast
wol, wat is goed, wat kwea?

Image

* Paul Gauguin (1848-1903)
waard yn Parys berne en stoar
op ien fan de Marquises Eilannen
yn de Grutte Oseaan.
Hy ûntwikkele in styl mei inkeld
de klam op it wêzentlike.
Skilderij ‘Sicht op ‘e Alyscamps’
Skilderij ‘Frou yn it hea’

 

admin

Rispsters

Keunst
PDF Print E-mail
fan Charles Daubigny*

Image

Wêr binne se, de rispsters,
dy’t moarns ier al nei de ikker gean,
de holle swier noch fan it sliepen,
ûnopfallend yn de lânwurkklean
bewege sy yn ’t lege.

Want boppe har is ’t hege
fan de wolken, brommend as in bear,
de kop noch swier fan ’t lange sliepen,
lykwols wol fol faasje yn de wear
sa tusken skaad en sinne.

Sjedêr wêr’t sy no binne,
rispsters, bodzjend tusken dyk en kym,
breed lizze tal fan ikkers iepen,
foar de keunstner skeppingsdei op rym,
foar harren skaad en sinne.

* Charles Daubigny (1817-1878)
waard berne yn Parys,
mar fielde him as keunstner
mear thús yn it wide lânskip.
As lânskipskilder wurke hy yn de natuer.
Hy wie in foarrinder fan it ympresjonisme.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum