Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Byldnis as gedicht

Keunst
PDF Print E-mail
fan Odilon Redon*
fan Leonardo da Vinci**

Image

It byld jout mear as it gesicht
mei eagen, noas en mûle,
it sprekt ek fan de geast,
it mylde of it fûle:
harren byldnis as gedicht.

Marie Botkin yn astrakan,
betûft as pottebakster,
har geast giet yn it rûn,
net bûn oan wa ek, wakker
fan it draaien yn de ban.

Mar Mona Lisa, yn it kleed
dat sêft ploait as wie ’t side,
lit glimkjend út ‘e geast
de dreamen fierder glide
as de kym mei ’t eachweid breed.

Image

* Odilon Redon (1840-1916)
begûn syn keunstnerskip
mei tekeningen en lito’s
en wurke letter mei kleur:
pastels en skilderijen.

** Leonardo da Vinci (1452-1519)
krige syn oplieding yn Florence
en wie behalve skilder ek
ûntwerper fan wapens en masines.

admin

Foar pampus

Keunst
PDF Print E-mail
fan Antoine Vollon*
fan Gert-Jan Veenstra**

Image

Ferware is de romp op see en strân,
de mêst ynfretten troch it sâlt
en stowend sân,
de boaten binne âld.

Ek âld de fiskers mei ’t markant gesicht,
ferware troch de hiele dei
fan fielde plicht
en faak it libben faai.

En as de netten binne binnenboard,
de fangst taksearre, falt net ôf,
dan leit de float
al gau mei ’t sân as tou.

De romp fiif lagen lak,
de mêst al like glêd
en ’t dakrontúch kroannij,
foar pampus leit er net,
mar sylt fan rak nei rak.

Ek glêd is it gesicht
fan antysun en swit,
it pak is wetterticht,
de hiele rûte sit
er yn de stress as plicht.

En klinkt de finishhoarn,
dan wurdt de mêst gau keal,
foar pampus leit er dan
sa tusken peal en peal
te wachtsjen wer oant moarn.

Image

* Antoine Vollon (1833-1900)
wie yn syn tiid in ferneamd skilder,
mar rekke nei syn dea al gau fergetten.

** Gert-Jan Veenstra (1957-…)
skilderet lânskippen en tafrielen
út ‘e Snitswike.

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum