Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Stienbakkerij

Keunst
PDF Print E-mail
fan Alfred Sisley*

Image

It fjoer is dôve, ’t wurk leit stil,
want hjoed lûkt oer it gea de snein
de wale fan de rêst;
gjin stien wurdt nêst de oare lein,
de klaai foldocht net oan de wil
fan foarm en fjoer.

De sinne brânt troch ’t wolketek
en bakt de ierde hurd as stien
op snein, gjin dei fan rêst;
syn ljocht wjerkeatst op read en grien
en kleuret mannich giele flek
de heuvel oer.

En sjoch hoe’t ek it blau begjint
te dûnsjen op ‘e hurde flier,
foar elke stap hâldfêst:
de heit en dochter yn de sier
fan ’t sneinske ljocht dat rimpen rint
as diggelfjoer.

* Alfred Sisley (1839-1899),
in Frânske skilder fan Ingelsk komôf,
wurke yn ‘it folle ljocht’ fan it lânskip
yn de omkriten fan Parys.

admin

Byldnis as gedicht

Keunst
PDF Print E-mail
fan Odilon Redon*
fan Leonardo da Vinci**

Image

It byld jout mear as it gesicht
mei eagen, noas en mûle,
it sprekt ek fan de geast,
it mylde of it fûle:
harren byldnis as gedicht.

Marie Botkin yn astrakan,
betûft as pottebakster,
har geast giet yn it rûn,
net bûn oan wa ek, wakker
fan it draaien yn de ban.

Mar Mona Lisa, yn it kleed
dat sêft ploait as wie ’t side,
lit glimkjend út ‘e geast
de dreamen fierder glide
as de kym mei ’t eachweid breed.

Image

* Odilon Redon (1840-1916)
begûn syn keunstnerskip
mei tekeningen en lito’s
en wurke letter mei kleur:
pastels en skilderijen.

** Leonardo da Vinci (1452-1519)
krige syn oplieding yn Florence
en wie behalve skilder ek
ûntwerper fan wapens en masines.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum