Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

De toffels

Keunst
PDF Print E-mail
fan Samuel van Hoogstraten*

Image

Dêr stean se op ‘e reade tegelflier,
dy’t smoarch wie, om te skellen,
altyd is se yn it spier,
de toffels kinne dat fertelle.

As tsjinstfaam makket sy de wente skjin,
se hearden har net kleien,
fûnen har foar ien te min,
mar sjoch, dêr hingje hjoed de kaaien.

Se die de doar yn ’t kier en seach temûk,
de flier hie moaie tegels,
op ‘e tafel lei in boek,
mar ’t sneupen wie tsjin alle regels.

Dochs lies se flechtich mei de wangen read
oer twa dy’t stean te frijen.
Is oan tútsjen wat ferkeard?
It kin by har al moannen lije.

Ynienen stiet se as in stôk sa stiif,
se heart ien, rappe stappen,
trillet oer har hiele liif…
it is har frijer mei syn grappen.

Dêr stean se foar de glêde tegelflier,
se binne net te tellen.
Is sy oars no yn it spier?
De toffels kinne dat fertelle.

* Samuel van Hoogstraten (1627-1678)
wie behalve skilder fan portretten
en ynterieurs ek dichter en skriuwer.

admin

De jager

Keunst
PDF Print E-mail
fan Alexandre Gabriel Decamps*

Image

It wie ’t seizoen fan jeien
yn de rook fan fjild en wyld,
mei grauwe wolken by it swurk lâns,
ynienen dat feroarjend byld:
syn wrâld lei yn it ljocht te baaien.

Syn wrâld wie bot feroare,
troch de revolúsje yn
it lân koe hy as boarger jeie
op grutwyld, hazze, ein of knyn,
sa rûn hy grutsk yn adels spoaren.

Hy jage mei syn maten,
krige ’t samar yn de poat,
dat hy moast justjes achterbliuwe,
de hûnen… wie ’t net idioat,
as hiene sy it yn de gaten.

It wie as der wat dage…
rûkten se in hazzespoar?
Hy tilde poat en loop wat heger,
mar ’t fiere hynder wie him foar,
de adel hie it wyld ferjage.

* Alexandre Gabriel Decamps (1803-1860)
wie yn syn tiid in ferneamd keunstner,
dy’t tagelyk realistysk en romantysk skildere.
Hy bewûndere Rembrandt.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum