Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Op hichte

Keunst
PDF Print E-mail
fan Charles Lebrun*

Image

It hynder stiget net foar it toernoai,
it is gjin ridder mei de lâns
dy’t wachtet op syn kâns
de ealfrou oan de ein te tútsjen,
mar ’t is de kening oan de roai.

Hy presintearret him as Loadewyk
de Fjirtjinde yn sinneglâns,
as stjer it paad bylâns
fan nei de striid de folle gloarje,
heech op ’t hynder, grut syn keninkryk.

Sy presintearret him as Loadewyk
fan noch mar twa, mar hiel wat mâns,
yn ’t jurkje yn balâns
op ’t keninklike read, op hichte
fan syn hynderke en grut gelyk.

Image

* Charles Lebrun (1619-1690)
waard yn 1662 hôfskilder fan
kening Loadewyk XIV en dêrmei
de lieder fan de Frânske keunst.
Hy hie ek de lieding oer grutte
bouwurken, ûnder oare
it paleis fan Versailles.
Skilderij ‘Ruterportret fan Loadewyk XIV’
Skilderij ‘Anna fan Eastenryk en har soan
Loadewyk XIV’

admin

Sa’t ik bin

Keunst
PDF Print E-mail
fan Emile Bernard*
fan W.J. Rozendaal**

Image

Har berop wie waskfrou, hiel gewoan,
de beppe fan de skilder,
sy blikke ’t wytguod op ‘e bleek,
it libben hie har net bedoarn,
yn skilderkeunst wie sy in leek.

‘Meitsje my net moaier as ik bin,’
liet sy har jonge witte,
want beppesizzers bliuwe jong;
sa siet de waskfrou nei it sin,
wylst sy ’t berop mei grutskens mong.

Image

Under oare skilder fan berop,
sa gie hy troch it libben,
seach troch syn fûlens justjes bleek,
hie djippe tearen yn de kop,
in hekel oan in keunstnerspreek.

”k Makke my net moaier as ik bin,’
liet hy ’t portret fertelle,
‘mei âlde keunst bliuw ik net jong,
de nije jout dat ‘k jierren win,
ferwachtsje net dat ‘k psalmen sjong.’

* Emile Bernard (1868-1941),
in fertsjintwurdiger fan ‘Art Nouveau’,
wie befreone mei Vincent van Gogh.
Skilderij ‘Portret fan syn beppe’

** W.J. Rozendaal (1899-?)
wie in alsidige keunstner:
tekener, skilder, grafikus,
ûntwerper fan ierdewurk,
glês, affysjes, postsegels,
ensafuorthinne.
Skilderij ‘Selsportret’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum