Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Under deselde wolken

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jacob van Ruisdael*

Image

Hy wenne yn it gea fan dún en see
mei sicht safier’t de eagen rikke
en it lûd dat ivich slacht de mjitte.

It weagjend nôtfjild lei op ’t selde stee,
dat woe him yn it lânskip skikke,
mar liet wol syn gloed oan beide witte.

De folle ieren rikten nei it swurk,
dêr’t by de wolken lâns de strielen
skampten, ljocht dat skeat it fjild temjitte.

Hy seach it hege lânskip ek as wurk,
hoewol’t syn stappen dêr net stiene,
nea syn each op noardske bergen botste.

De steapel stammen lei yn deadske rêst,
wylst wetterkolken wille hiene
by it wylde boartsjen mei de rotsen.

Deselde sinne die opnij syn bêst
om rynsk de strielen út te dielen,
wylst de wolken namen him de mjitte.

Image

* Jacob van Ruisdael (1629-1683)
wie in tige produktyf skilder:
hy makke achthûndert skilderijen,
dêr’t 160 fan it noardske lânskip
as ûnderwerp hiene.

admin

Achter it masker

Keunst
PDF Print E-mail
fan Georges Rouault*
fan Eugène Dodeigne**

Image

In kertier hat sy it masker droegen,
laitsjend út ûnnoazelheid
en dan wer gûlend by it fallen;
nei’t se foar ’t publyk djip bûge
hat, is sy it foar in etmiel kwyt.

Achter ’t masker hat sy oare eagen
dy’t wjerspegelje de wrâld:
omheech yn skyn, mar djip yn ’t fallen,
foar it bûgjend folk in leagen,
mar dat lit de pommeranten kâld.

Dêr sit sy sûnder kleur en clownske klean,
it kâlde blau feroare yn twa hannen,
pylders foar it kearen fan de fal,
want moarn sil sy wer yn de piste stean
mei ’t showen yn twa stannen.

Image

* Georges Rouault (1871-1958)
liet it gewisse sprekke yn syn keunst,
dêr’t syn fisy op minske en maatskippij
yn opljochte.
Skilderij ‘De clown’

** Eugène Dodeigne (1923-?)
seach de keunst ôf fan syn heit,
dy’t stienhouwer wie.
Hysels wie yn it foarste plak byldhouwer.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum