Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Trije generaasjes

Keunst
PDF Print E-mail
fan Charley Toorop*

Image

Wat is it dat de minsken bynt
troch lok en lijen hinne?
It bloed dat sels it paad wol fynt,
sil oeral krûpe kinne.

De âlde heit, al jierren dea,
mar dochs syn wêzen getten
yn brûns, kin no wol sûnder lea,
hy hat syn streken setten.

De dochter sjocht har streken nei
fan kop en eigen holle,
de skildershân begjint sa mei
wat mem en wilskrêft wolle.

De soan is net yn ’t atelier,
mar sil as byld der wêze,
it bloed krûpt nei itselde stee,
sy ken him yn syn wêzen.

* Charley Toorop (1891-1955)
hat mei tuskenskoften njoggen jier,
fan 1941 oant 1950, oan dit skilderij
wurke (200 x 121 cm.).

admin

Wierheid fan twa jonkjes

Keunst
PDF Print E-mail
fan Rembrandt*
fan in Roemeenske ikoanskilder

Wa hat mei kryst de wierheid fûn
dêr’t ieuwenlang nei omsjoen wurdt
mei ’t skynsel fan it langstme;
men komt faak oan op kâlde grûn
en heart gjin inkeld wurd.

Image

De hoeders komme swijend oan,
ferklomme op ‘e hurde grûn,
mei ’t skynsel fan de lampe;
in jonkje boartet mei de hûn,
it is de hoederssoan.

Marije sit heech op ‘e troan
yn ’t reade kleed fan keningin
mei om de holle ’t skynsel;
it wizend jonkje wit al skoan:
lit wêze sa’t ik bin.

Image

Wa hat mei kryst de wierheid fûn?
Twa jonkjes binne it
by ’t skynsel fan har wêzen;
wêr’t ieuwenlang nei omsjoen wurdt,
hat taal of teken jûn.

* Rembrandt (1606-1669)
wie de skilder fan it ljocht,
dat op it skilderij
‘De oanbidding fan de hoeders’
fan it Kristusbern
en de hoederslampe ôfstrielet.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum