Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Ingel mei heakbuks

Keunst
PDF Print E-mail
fan ien út ‘e rûnte om de master fan Calamarca hinne*

Image

Ik bin in ingel fan de Hear,
al sjocht men dat net oan myn klean,
dy’t ik sels keazen ha
om net foar joker straks te stean
yn Súd-Amearika.

Ik ha in opdracht fan de Hear
om alle Inka’s by te stean
dy’t swierrichheden ha:
Spanjoalen dy’t oer liken gean
yn Súd-Amearika.

Ik kriich in heakbuks fan de Hear,
in wapen heaks op Spanjes striid
dy’t rûn op rôvjen ta,
sa gean ik sjittend troch de tiid
yn Súd-Amearika.

Ik wie in ingel fan de Hear,
dochs seach ien my foar Inka oan
en woe myn wjukken ha,
fan ingel waard ik minskesoan
yn Súd-Amearika.

* Dit skilderij is in foarbyld fan de keunst
fan de Boliviaanske yndianen en keunst
út ‘e Andes.

admin

Binnen- en bûtentsjerklik

Keunst
PDF Print E-mail
fan Emanuel de Witte*
fan David Klöcker Ehrenstrahl**

Image

It fromme folk is troch de klokken roppen,
kaam drok pratend troch de tsjerkedoar,
want kunde giet no ienkear foar
de seine, dy komt straks fan boppen.

Se hearden amper hoe’t de stimmen galmen
troch de romte, eigen nijs giet foar
it stilstean ûnder it gehoar
fan dûmny en de sang fan psalmen.

En wie it wurd oer harren hinnegongen,
dan die ’t fromme folk de preekfeint nei,
koe kieze: aap of pappegaai,
doe ha se noch de einsang songen.

Mar hy koe om syn swarte hûd net meidwaan,
die de apen mâle keunstkes foar,
hie lorres ûnder syn gehoar,
woe sa syn hert en holle weijaan.

Image

* Emanuel de Witte (sirka 1616-1692)
skildere libbene tsjerke-ynterieurs.

* David Klöcker Ehrenstrahl (1628-1698)
waard troch it Sweedske hôf fan adel makke.
Hy kombinearre de barokke mei
syn realistyske keunst.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum