Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Sublime lânskippen

Keunst
PDF Print E-mail
fan Philips Koninck*
fan Barend Blankert**

Image

It binne heuvels yn it sinneljocht,
in stream dy’t slingeret nei de kym,
in ploechje folk dat rêst opsocht,
it is in fiergesicht, sublym,
dat rjocht oan ’t flakke lânskip docht.

Gjin fûgel dy’t mear oer it lânksip fljocht,
de fisk swimt ek net yn de mar,
gjin bist dy’t hjir de skulpen brocht,
de rige tropysk echt, bizar
yn ’t lânskip ûnder ’t kâlde ljocht.

De heuvels wiene earder ûnderdak
fan wezen sûnder fiere kym,
in ploechje folk yn ’t wêzen flak,
dochs wie har dreamwrâld wol op rym
mei skulpen hjir sublym teplak.

Image

* Philips Koninck (1619-1688)
skildere lânskippen yn grut formaat.

** Barend Blankert (1941-…)
waard ynspirearre troch de lânskippen
fan Philips Koninck.

admin

Leech

Keunst
PDF Print E-mail
fan Marc Chagall*

Image

Sy stie mei beide fuotten op ‘e grûn
en wist wat sy ferwachtsje mocht,
de heale himel kleure ljocht,
de geit hie ryklik molke jûn.

Hy hie ’t gesicht keard nei de reade loft
en seach de fûgels yn de flecht,
hy wist ’t wie wier, it barde echt
mei folle moanne, noch in skoft.

Sy fielde ’t, mar it woe har noch net oan,
’t wie dûbel, yn en bûten har,
sy wist it wol, der wie gjin kar,
’t gefoel fan hjoed, dat barde moarn.

De moanne groeide net, mar bleau in skyl,
wa’t bûten kaam, wie read as bloed,
dat dripte op ‘e linkerfoet,
sy rekke leech, neat waard har diel.

* Marc Chagall (1887-1985)
waard as Mosje Segal berne
yn it hjoeddeistige Wyt-Ruslân.
Hy is bekend wurden troch
syn skilderijen, mozaiken,
glês-yn-lead finsters, keramyk
en muorrekleden.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum