Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

As smoarge bargen

Keunst
PDF Print E-mail
fan Herman Kruyder*
fan Peter Paul Rubens**
Image
It libben wie as smoarge bargen,
wrottend yn de modder om
as paradys,
nei skjin har nocht rap yn de slom,
gjin dreamen oer ferlies.Ynienen skoden smoarge skaden
yn de ljochte kleuren troch,
’t waard grau en fiis
op ’t skjinne bistehiem en sjoch
de bargedeadersgniis.

Fan playboy waard hy bargehoeder,
foar de wrâld omtrint ferlern
as baarch yn ’t hok
mei oare net om oan te sjen,
mar dreamend oer it lok.

Image

* Herman Kruyder (1881-1935)
wie in ekspresjonistyske skilder
dy’t syn ûnderwerpen ferbûn
mei alderpersoanlikste gefoelens.
Skilderij ‘De bargedeader’

* Peter Paul Rubens (1577-1640),
‘de Flaamske Rembrandt’,
skildere ûnder oare bibelske tafrielen.

admin

Kaartspul

Keunst
PDF Print E-mail
fan Francisco Goya*
fan Ferdinand Leger**

Image

It barde yn’t rampsillich jier
doe’t Frânske kûgels Spanje rekken
yn de nasjonale siel;
Napoleon syn kaarten rikten fier
om sa by ’t wrâldspul yn te brekken.

De Spaanske striders yn ’t ferset,
sy moasten harren moed belije,
waarden foar de lopen set.

De Frânske striders, net te let
in tel, sy ha de kaarten krigen
fan it spul, want wet is wet.

Sy spilen doe de kaarten út,
net troch de eksekúsje rekke,
want ûntspanning wie har diel;
sy namen dêr noch ien op ta beslút,
gjin loop koe ’t spannend kaartspul brekke.

Image

* Francisco Goya (1746-1828)
is bekend wurden troch syn wurken
mei as ûnderwerp de wredens
fan de oarloch (1808).
Skilderij ‘De tredde maaie 1808’

** Ferdinand Leger (1881-1955)
makke as Frânske soldaat
de Earste Wrâldoarloch mei.
Skilderij ‘Kaartspyljende soldaten’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum