Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

It paad kwyt

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jan Sluyters*

Image

It wie syn alderlêste tocht,
allinnich op ‘e fyts troch ’t gea
dêr’t hy noch it bekende socht,
men wist mar nea.

It wie oktober, net te sjen
oan ’t waar, de sinne skynde fel,
it fielde nuver, wat ferlern,
syn jokjend fel.

De fjilden kamen op him ôf
yn kleur, it like op in fyt,
’t bekende hie neat fan in pau,
om him swart-wyt.

De peallen waarden bluodrich read,
mar gjin soldaat rûn op ‘e dyk,
hy wie allinnich en ferkeard,
in libben lyk.

Dêr siet er wer, hy wist net hoe’t
er hjir allinnich kommen wie,
hy seach it net, it wie wol goed
hoe’t men it hie.

Image

* Jan Sluyters (1881-1957)
wie ien fan de oprjochters
fan de moderne keunstrûnte
yn 1910.
Skilderij ‘Lânskip te Laren
yn de oktobersinne’
Skilderij ‘De heit fan de skilder’

admin

Tiber betwongen

Keunst
PDF Print E-mail
fan Gaspar van Wittel*

Image

Rome, stêd fan it klassike heidendom,
dêr’t liuwen fromme lju ferskuorden,
fier klinkt noch dyn keizerlike rom,
mar letter waardst de kristenstêd,
bedimjend al wat oan dy skodde.

Tiber, stream fan rêst, mar as de stjalprein slacht
de stêd en giselet oer de weagen,
litsto jilde keizerlike macht
en brûst dyn wetter bûten ’t bêd,
de boargers skuorre grutte eagen.

Gaspar, skilder dy’t as tekener begûn
mei sketsen om de stream te twingen
yn it nije bêd oan boargers bûn,
dat nea it wetter brûst wer rêd
om Rome op ien ein te bringen.

* Gaspar van Wittel (1653-1736)
waard berne yn Amersfoort.
Hy ferhuze yn 1675 nei Rome,
dêr’t er earst tekeningen makke
foar de kanalisaasje fan de Tiber.
Letter wurke er dy út ta skilderijen. 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum