Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Striid mei de ingel

Keunst
PDF Print E-mail
fan Friso ten Holt*
fan Rembrandt**

Wat bestean is sûnder striid?
It slacht him swaaiend troch de tiid.

Image

Friso’s striid op grut formaat:
hoe hold er lykwicht yn ’t gefjocht;
hy fûn yn Jakob wat er socht,
beskôge him as libbensmaat.

Jakob kaam by grinsrivier
de Jabbok, breder as er tocht,
it like by it lêste ljocht
dat trochgean koe, mar ’t wie te ier.

Syn bestean rûn út op striid
mei ’t wite út ‘e hichte wei,
de nacht ferrûn en mei in swaai
waard hy belutsen by de tiid.

Ingeltiid rint troch ’t bestean
fan elk dy’t nimt de stream yn acht,
in stopplak, striid djip yn de nacht
en yn de moarntiid fierder gean.

Image

* Friso ten Holt (1921-?)
wurke as skilder yn Amsterdam.
Syn keunst waard yn Ingelân
heger wurdearre as yn syn bertelân.
Skilderij ‘Jakob yn gefjocht mei de ingel’
(264 x 294 sm.)

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Jakob wrakselet mei de ingel’

admin

Ferskuorrend

Keunst
PDF Print E-mail
fan Dirk Bouts*

Image

Se lizze as in tsjûgenis,
it himd, de jas, de hoed,
him fan de lea ôfskuord,
want heve soe it, hjoed
wie Hippolytus’ dea wol wis.

Syn lea, oan fjouwer einen bûn,
nei streken fan de wyn
ta keard, ferlearen macht,
mar wat oan krêft noch wûn,
wie ’t leauwen boppe alle skyn.

De hynders fielden dat wol oan
en holden earst noch yn,
doe klonk de rop fan ‘skuor’;
gjin sicht op him, mar blyn
troch ’t slaan en mei it each op moarn.

Doe klonk gjin stim mear, inkeld ’t lûd
fan hoeven en op ’t lêst
it brekken fan de lea;
ferskuorrend stil rûn ’t bloed
en Hippolytus’ siel fûn rêst.

* Dirk Bouts (?-1475),
fan komôf Haarlemmer,
skildere gjin hillige yn rêst
lykas eardere keunstners,
mar lijend oan de aksje
fan de fjouwer boalen.
Skilderij ‘De marteldea fan
de hillige Hippolytus’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum