Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Sjoch it folk

Keunst
PDF Print E-mail
fan Bernardo Bellotto*
fan Giovanni Antonio Canal**

As ’t wetter ’t byld behearsket,
glydt men mei in gondel troch
kanalen, leawurk, wylst de geast
besjongt de ieuwenâlde pracht,
mar sjoch…

Image

… it folk dat oars net easket
as it deistich brea dat troch
it leawurk djoer fertsjinne wurdt,
want gondels ha faak swier de fracht,
mar sjoch…

… hoe’t folk it byld behearsket,
adel folle net genôch,
in rige dracht fan kop oant sturt,
want gondels losse grutte macht,
omdoch.

Image

* Bernardo Bellotto (1721-1780),
dy’t yn Fenetië berne waard,
rôp troch de wurking fan it ljocht
in realistyske sfear op.
Skilderij ‘Tagong ta it Grutte Kanaal’

** Giovanni Antonio Canal (1697-1768),
de omke fan Bernardo Bellotto,
makke realistyske skilderijen fan Fenetië.
Skilderij ‘Untfangst fan de Frânske ambassadeur’

admin

Sa ha

Keunst
PDF Print E-mail
fan Juho Rissanen*

De moarns wie hy út fiskjen gien,
dik yn de klean tsjin wyn en kjeld,
mei bile en syn angelark,
want ’t iis soe freegje om geweld,
sa woed er ha.

De jûns hie hy net foar har stien
mei ’t net fol fisk, grutsk as in bern,
en mei ’t ferhaal dat kaam nei: ‘Hark,
de mar hat al syn fisk ferlern,
sa ha ‘k it hân…’

Image

De deis dêrop hat Lars him fûn
yn ’t kappe bit, heal ûnder ’t iis,
noch dikker yn de klean en stiif
as ’t latwurk fan de baar, in griis
sa woed er ha.

Syn leave frou gie troch de grûn,
foar bern wie ’t net om oan te sjen,
de geast derút, allinnich liif,
se hiene heit foargoed ferlern,
wa woe ’t sa ha…

It gie dy dei fan baar nei baar,
de dikke klean rap fan de lea,
doe bierre âlde Knut him op,
syn frou lies psalmen oer de dea,
sa woe se ’t ha.

Image

* Juho Rissanen (1873-1950),
in Finske skilder dy’t ambachtlik begûn,
mar him letter troch in protte reizen
nei it bûtenlân breed ûntwikkele.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum