Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Oars as oare bern?

Keunst
PDF Print E-mail
fan Gerard David*

Image

Hy weacht deryn, har jonkje groeit as koal
en is al moannen fan it boarst,
docht hy it oars as oare bern?
Sy mingt de molke mei wat moal,
’t is net oan him te sjen.

Syn eagen stean net oars, dy draait er nei
de brij lykas it berntsjes past
of lûkt har brochje him wol oan?
Har jonkje earst, sy komt dêrnei,
mar hy wurdt net bedoarn.

Syn hantsje hat de eigen leppel fêst,
want hy wol sels as oare bern,
mar mei sa’n kom is ’t gau in troep,
hy jout oars hielendal gjin lêst…
hy rûkt, de broekfol poep?

Sy draait de holle, stoarret troch it rút,
want bûten is syn wrâld te sjen
dêr’t hy him letter rêde moat,
sy krûpt him oan en jout in tút,
dit libben is mar koart.

* Gerard David (sirka 1460-1523)
wie de lêste grutte skilder
fan de Flaamske Primitiven
(Flaamske masters út ‘e
fjirtjinde en fyftjinde ieu.
Skilderij ‘De hillige Faam
mei de brijkom’

admin

Nei de houliksnacht

Keunst
PDF Print E-mail
fan William Hogarth*

Image

Sy hat har oanklaaid fan ‘e moarn,
noch yn de sûs rekt se har út
by ’t taffeltsje foar ien persoan,
krekt as fannacht op ’t grutte bêd,
se woe allinnich mar in tút,
is nei in etmiel slûch en sêd.

It wurd fan faar wie foar har wet:
‘Stean, dochter, foar dyn man paraat,
it hiele libben gjin ferlet,
hy is op ’t lêst aristokraat.’

Hy hie de klean de nacht troch oan,
hong dronken op ‘e plusen stoel
by ’t taffeltsje foar ien persoan,
wie fan gjin gean en kommen wis,
syn holle wie in tizeboel,
ien tút fanwege sifilis.

De tsjinner kaam mei ’t wize wurd:
‘Net inkeld stuollen steane wif,
de saken ek, jo witte ’t grif.’
Hy harke net, dus dan mar fuort.

* William Hogarth (1697-1764)
makke in searje fan seis skilderijen,
‘Marriage à la mode’,
dêr’t dit skilderij ek in ûnderdiel fan is. 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum