Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

San Isidro

Keunst
PDF Print E-mail
fan Francisco Goya*

San Isidro, de man wie oars as oars:
hy rûn net oan de massakant,
mar stiek it wetter oer,
in hillich moatten, yn dy trant
gie hy op solotoer.

San Isidro, de dei wie oars as oars:
de massa teach oer de rivier
mei hynders foar de wein
op beafeart, hillich mar net fier,
de greide wie de ein.

Image

San Isidro, foar har wie ’t oars as oars:
sy koene net yn optocht mei,
mar stiene yn de steech,
nijsgjirrich nei de beafeartswei,
de hiele stêd rûn leech.

De oare kant fan ’t wetter rekke fol
mei hjir en dêr in parasol
en tinten foar wat skaad,
in hillich moatten foar de lol,
elk nei syn eigen aard.

Image

* Francisco Goya (1746-1828),
ien fan de grutste Spaanske skilders,
wie fan betinken dat trije learmasters
him foarme hiene: Velasquez,
Rembrandt en de natuer.
Skilderij ‘De nijsgjirrigen’
Skilderij ‘De greide fan San Isidro’ (detail) 

admin

Simmerfolkje

Keunst
PDF Print E-mail
fan Johannes Vermeer*

Image

De simmer bûcht him oer de stêd
en dûnset oer de Delftske dakken,
strykt de nok en pannen glêd
en fervet yn ferskate flakken.

De haven jout yn silhûet
de stêd stil wer, mar net dy’t steane,
want sy prate, sjogge net
yn ’t wetter hoe’t de wolken geane.

Dan skoot de sinne yn it blau
en skinkt de heechste toer syn franje,
grutsk is Delft op dizze bou
en ’t grêf fan Willem fan Oranje.

De ienfâld bûcht him oer it wurk
mei mannich klosse en ien tobbe,
hat gjin each foar ’t stikje swurk,
mar boartet mei de skiere krobben.

Image

* Johannes Vermeer (1632-1675)
hat foaral mei de kleuren sitroengiel,
bleekblau en ljochtgriis it ljocht heind.
Skilderij ‘Sicht op Delft’
Skilderij ‘It strjitsje’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum