Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Ferklomme

Keunst
PDF Print E-mail
fan Pablo Picasso*

Image

Hoe waarm is ’t read fan it kafee
dat strielet fan de muorren ôf
om by it folk te kommen?
Op dit hjitte stee
sit stil dy frou.

Sy stoarret yn it flessegrien,
ferliest it fjoer fan ’t hege peil,
wat har yn ’t moarch ferklommet,
dus dan noch mar ien,
wêr oars har heil?

Hoe kâld is ’t blauwe bûtendoar
dat siget fan de muorren ôf
en kringt troch alles hinne?
Yn dit skrouske spoar
sit stil dy  frou.

Se neame har it biddelwiif
dat no de hân ferburgen hâldt,
der is dochs neat te winnen
mei fiif fingers stiif
en ’t strjitfolk kâld.

Image

* Pablo Picasso (1881-1973)
waard al jong beskôge
as in artistyk wûnderbern.
Frustrearre troch de tradysjonele
skilderkeunst ûntwikkele er
in nije artistike ekspresje.

admin

Hoarnspul

Keunst
PDF Print E-mail
fan Pietro Longhi*

Image

Kaptein Douwe foer nei fiere lannen,
seach dêr dieren by de fleet,
hie niget oan de noashoarn,
pakte ’t bist by ’t hoarnspul beet
en sylde nei Europa’s strannen.

Rome hie foar hoarnfreon Douwe foarrang,
want Romeinen wiene wend
oan ’t spul fan lilke liuwen,
mar it showdier hat ferlern
dêr hoarn en hoop: in libbenlang bang.

Op it karnaval fan wylde dieren
mei in masker foar de kop
beseach er ’t spultsjesirkus,
iet wylst alle popcorn op
en gnyske om har sloppe spieren.

* Pietro Longhi (1701-1785)
krige as sjenreskilder de opdracht
om de noashoarn te skilderjen
dy’t kaptein Douwe van der Meer
út India meinommen hie.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum