Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Reis op reis

Keunst
PDF Print E-mail
fan Pablo Picasso*

Image

Se wiene wer op reis
neidat se ’t folk fermakke hiene
mei har lea en grappen;
no efkes lins en yn petear
op ’t strân, want hjoed net noch in kear,
te waarm om troch te stappen.

’t Wie altyd ûnderweis,
omdat se ’t foar de minsken diene
mei har tryste stimming;
mar hjoed soe ’t oars, it wetter loek,
dus nei de brâning foar in dûk
en dan in oerke swimme.

Se krigen reis op reis,
gjinien woe har in stoer mear liene,
it wiene hurde klappen;
se stiene klomjend op it strân
en hiene hjoed gjin iten hân,
te wurch om troch te stappen.

Image

* Pablo Picasso (1881-1973)

admin

Djippe helden

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jules Bertin*
fan Alfred Bastien**

Image

Hat de tiid de helden makke
dy’t ea fochten om in frij bestean
om fierder troch de ieu te gean,
ienfâldich ûnder lege dakken.

Sjoch de held dêr op ‘e hichte,
ieuwen letter hakke yn de foarm
fan nasjonale ear, de noarm
fan wat de skiednis earder dichte.

Held Ambiorix, de strider
tsjin âld Rome, machtiger gjin ryk;
de fjochter waard lykwols gjin lyk,
syn eachweid sloech er proastich wider.

Hat de tiid de lju fergetten
dy’t ea skeaten út ‘e fuorgen wei,
net wis fan wer in nije dei,
sy binne nei de djipte setten.

Image

* Jules Bertin (1826-1892)
makke bylden fan de Romeinske tiid,
mar ek fan de Frânsk-Dútske oarloch.

** Alfred Bastien (1873-1955)
makke as soldaat de Earste Wrâldoarloch mei.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum