Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Ingel en Eros

Keunst
PDF Print E-mail
fan Tyko Sallinen*

It wie yn ’t koartste fan de dagen
doe’t it lânskip eage izich wyt,
de nachten liken sûnder ein;
it folk dat rekke ’t ritme kwyt
en fielde him troch ’t needlot slein,
guon rûnen om mei selsmoardfragen.

Image

De âlden koene ’t paad noch fine
nei it krús mei Kristus op it hout
en joegen har deemoedich del;
se fielden har mei ’t leed fertroud,
wat minder fjurrich as de hel,
guon âlen oer har sielepine.

En sjoch, in ingel, ien fan tolve,
fleach beret nei ’t depressive stel:
‘Hjir is foar fel en siel de salve.’

Wat fierder yn de houten skuorre
joech it jongfolk him oan ’t feestlot oer
en dûnse fjurrich sûnder ein;
om earm en mul de boerekloer
as om de skieppe-oeren slein,
sa waard de siel troch Eros fuorre.

Image

* Tyko Sallinen (1879-1955)
wie in Finske skilder,
dy’t yn syn lettere wurk de religy
in rol spylje liet.

admin

Madame de Pompadour

Keunst
PDF Print E-mail
fan Francois Boucher*

Image

Dêr sit madame de Pompadour
yn ’t ljocht fan noch in skyltsje moanne
mei har stampark op ‘e achtergrûn;
nei har kraait net de hoanne
mear, it wie fan koarte doer.

Se wie de kar fan Loadewyk
en libbe fleurich as maîtresse,
los oan keninklike leafde bûn,
mar kâld waard doe har kessen
yn it Frânske keninkryk.

Dêr sit madame de Pompadour
foar har portret, dat amper liket
op hoe’t sy yn ’t hôf de leafde fûn;
sy wit net wat se siket
hjir, ’t rojale is no oer.

* Francois Boucher (1703-1770)
hie talint foar it skilderjen fan froulike sjarme,
mar de portretten liken net altyd op it model.
Hy skildere madame de Pompadour,
de maîtresse fan Loadewyk XIV, sân kear.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum