Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Spanning

Keunst
PDF Print E-mail
fan Alfred William Finch*
fan Väinö Blomstedt**

It wie yn juny, ’t langste fan de dagen
mei in rite skoander waar,
syn tiid om as in sterk atleet
de lea te spannen as in snaar,
hy koe de wrâld wol drage.

Image

Hy wist se kamen suver alle dagen
mei har beiden nei it park
en wuollen har yn ’t wite kleed,
hysels besocht it mei syn ark
as held yn Grykske sagen.

Hy lei syn skerpe pylk op rûne bôge,
seach der as in earn bylâns
en fielde alle spieren spand,
it hert sloech: reitsje dizze kâns
en ’t fljocht yn ljochte lôge.

Image

* Alfred William Finch (1854-1930),
fan berte in Belch,
reizge nei en wurke yn ferskate lannen
en hold û.o. eksposysjes yn Finlân.

** Väinö Blomstedt (1871-1847)
wie in Finske skilder,
dy’t sterk beynfloede waard troch
Paul Gauguin.

admin

De oerstek

Keunst
PDF Print E-mail
fan Claude Monet*

Image

As beammen klomsk de earms opstekke,
’t grau fan wolken slút de himel ôf,
it stek komt amper noch by it gebou,
dan bûcht de kraach stiif om de nekke.

De stoom kin it net waarmer krije
as de reizgers skowe oer ’t perron,
wylst harren stap en mûle bliuwe stom,
de earen ’t skrille fluitsjen mije.

En as se klomjend binnen binne,
is de hoop it spoar lûkt nei de sinne.

Sjedêr hoe’t ljochte wolken brekke,
beammen stekke tûken rynsk yn blêd,
it lije wetter rint mei lichte trêd,
it wachtsjen is om oer te stekken.

En fluitsjend rydt it spoar oer ’t wetter,
want de hoop kaam út, it waar waard better.

Image

* Claude Monet (1840-1926)
wie ien fan de grutste ympresjonistyske skilders.
Skilderij ‘De trein yn de snie’
Skilderij ‘De spoarbrêge fan Argenteuil’

< Foarige Oare >

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum