Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Madame Veto

Keunst
PDF Print E-mail
fan Rachel Baes*

Image

Ik pas net yn in swart portret:
as Frânske keninginne
bin ik op ‘e hichte set,
wat soe my barre kinne?

It folk hat fan de frijheid preaun:
de Frânske Révolúsje,
mar wy binne net ferdreaun,
it hat yn ús fidúsje.

Myn mantsje, kening Loadewyk,
sil oant syn dea regeare:
Frankryk bliuwt in keninkryk,
kin gaos net ferneare.

Ik stek myn finger yn it gat,
wat soe de guillotine
oars as snije yn ’t komplot,
dêr kin ik my yn fine.

Ik pas wol yn ’t portret, mar as
Marije Antoinette,
net in neil of finger los,
wat yngiet tsjin ús wetten.

En as it knypt, dan sis ik: ‘Ho!’
As Frânske keninginne
bin ik ek Madame Veto,
wat soe my barre kinne?

* Rachel Baes (1912-1983)
skildere earst ekspresjonistysk,
dêrnei gong se oer op it surrealisme.

admin

Imitaasjefamkes

Keunst
PDF Print E-mail
fan Bernardus van Schijndel*

Image

Wy binne famkes fan ús heit en mem,
noch lyts, want dêrom binne wy ek bern,
wy sjogge op by heit en nei ús mem,
dat is oan alles wol te sjen.

Ik bin it achte haad fan dit portret,
it hege hearskip yn de maatskippij,
dy’t op papier de rige regels set,
want wet is wet, dêr bliuw ik by.

Ik bin de frouwe fan de kreaze dracht
en klaai mysels yn side en yn kant,
ik nim de etikette graach yn acht…
de dochters? Yn deselde trant.

Wy binne famkes yn deselde dracht
en trant as mem en heit dy bliuwt derby
dat hy ús wolris op ‘e fingers slacht,
want dat heart by de maatskippij.

* Bernardus van Schijndel (1649-1706)
waard yn 1672 boarger fan Ljouwert.
Hy wie learmaster fan de Snitser skilder
Jelle Sibrandsz.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum