Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Feart foar de geast

Keunst

fan Charles-Henri Pille*

Se ha de put derút
en binne op it gers delsonken
om de mage syn gerak te jaan,
it lichem lit syn rjocht earst witte,
de geast hat noch net dronken.

Fan noard en west en súd
en east, se binne fan fier kommen,
want it is mei sizzen net te dwaan:
kin men in beafeart sjitte litte?
De geast wie gau ferklomme.

Se wachtsje op ’t beslút:
’t massale klimmen nei de hichte
om de Leave Frouwe acht te slaan,
har eachopslach sil folút jitte,
de geast wurdt dêrtroch stichte.

* Charles-Henri Pille (1844-1897)
Skilderij ‘Beafeart yn Bretagne’

admin

Yn de rûnte

Keunst

fan Vincent van Gogh*

It gie al oeren yn de rûnte,
beide diene sa it wurk,
de haspel en boerinne,
konsintraasje op ’e trie,
dy rûn der maklik hinne.

Fan lange trie nei rûne jirpels,
rap de smoarge skyl derôf,
sa’t kromme fingers kinne,
koaitsje neffens mem har rie,
’t gie troch de jierren hinne.

Al jierren yn deselde rûnte
yn de jûntiid nei it wurk,
de boeren en boerinnen,
wurge hannen boppe ’t miel,
mei kofje dêr oerhinne.

* Vincent van Gogh (1853-1890)
Skilderij ‘Boerinne oan de haspel’
Skilderij ‘De jirpeliters’

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum