Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Jereims category

admin

De flok

Jereims
PDF Print E-mail
Ik bin him twa kear tsjinkommen,
de earste kear op ‘e begraffenis
fan in âld-learling fan my
dy’t it fan de kanker net winne koe.
Hy stie skean achter my.
Wylst de kiste sakke,
hearde ik him flokken.
Ik draaide my om en moat knikt ha,
want doe’t ik him letter wer tsjinkaam,
diskear op in antyslipkursus yn Ljouwert,
sei er dat de knik him wat dien hie.
‘Wat?’ frege ik.
‘Ik ha dêr in gedicht oer makke.’
‘Do makkest my nijsgjirrich.’
‘It komt net foar publikaasje yn oanmerking.’
‘Lêze litte is wat oars as publisearje.’
‘Wêrom soe ‘k?’
‘Omdat iksels ek dichtsje.’
De knik krige in ferdjipping
dy’t fierder net ta útdrukking kaam,
want de ynstrukteur lei út
hoe’t wy remje moasten.
Nei de kursus joech ik him it adres
fan myn thússide foar it gefal dat…
Doe’t ik ûnderweis wie nei hûs
flitste it troch my hinne
dat ik syn mailadres net krigen hie,
sels syn namme net wist.
It iennige wat ik dwaan koe,
wie dizze tekst publisearje
mei foar him dit gedicht:

Image

Doe’t syn geast begûn te slippen
nei de omgong op it hôf
en ’t lieden fan de klok,
seach hy noch inkeld stippen,
inketswart en ’t wie him oer:
hy trape rimpen op ‘e rem
en goaide gysten om it stjoer,
doe klonk om him in flok.

De ôfbyldingen fan de keunstwurken yn de rubryk ‘Jereims’
komme út ‘e folgjende boeken:

1. J.W. Waterhouse, betoverd door vrouwen
Elizabeth Prettejohn
Peter Trippi
Robert Upstone
Patty Wageman

2. Symbolisme
Michael Gibson

3. Dreamscapes
Marcel Salome

en fan ynternet

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum