Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Jereims category

admin

Improvisatie

Jereims
PDF Print E-mail
Gjin plaatsjekeunst

Jereims hat produktyf west,
want hy stjoerde twa gedichten
mei trije yllustraasjes.*
As alternatyf foar kryst,
sa skreau er.

Ik siet der folslein nêst:
hoe’t ik derby kaam dat er him fine koe
yn myn iensidige foarkar,
want plaatsjekeunst hie hy neat mei.
Dat er Frans Hals neamde,
paste yn syn gedicht ‘Kunstvogels’
en fierder moast de goeie man
mar moai yn it museum hingjen bliuwe,
in gebou like âld as syn keunst.

‘Het gaat mij om de transfer van
het concrete naar het abstracte,
het liefst in felle kleuren.’

Dêrom lit er yn syn gedicht
keunstners sebrafinken skilderje.

Ik mei der wol oer dat de jonge Jereims
soarget foar lykwicht op myn webside.

Improvisatie
van Wassily Kandinsky

Image

Van een blad dat loslaat
als de dag nog donker kleurt
en zich ontpopt tot vlinder
die al het zonlicht vangt,
te licht voor zelfs een dag
en dus tot vaste vorm wordt,
een akker zonnebloemen
in een landschap dat al kleurt
van avondonweer dat loslaat
wat geen vaste vorm aanneemt.

Image

Jereims

* It twadde gedicht wurdt publisearre
op Aldjiersdei.

admin

Kunstvogels

Jereims
PDF Print E-mail
Opbou troch keunst?

‘Wat zou ik moeten weten?
De opbouw na de afbraak?
Er wordt terecht afgebroken
wat geen opbouw waard is
(zie ‘Kunstvogels’),’
sa skreau Jereims my
en dêr koe ik it mei dwaan.

Ik krij fan syn gedicht it idee
dat er op keunstgebiet
him wol fine kin yn de streamingen
dy’t ûnder de rubryk ‘Keunst’
opnommen binne.
Soe dêr syn opbou yn sitte?

Kunstvogels

Image

Toen ik ze zag
de hals in het licht
van één tel flits
was ik jaloers
op moordenaars
van kalksteeneenden,
omdat ik liever zie
het licht van Hals…
expressie is
voor mij de koers
naar kunstenaars
van zebravinken.

Jereims


Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum