Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Brief oan de Hebreeërs 3

Bibelbylden

fan Jan Victors*



Lit Abraham ús foargean
yn it leauwe, sa’t er gie
nei ’t lân fan de belofte;
sa’t hy ek útseach nei in soan,
dy’t him yn ’t lân ûnthjitten wie;
sa’t hy mei Izaäk yn ’t spoar
de berch op gie foar ’t offer
fan syn soan, it kaam der doe op oan,
dêr wie syn djippe leauwe foar.

Lit God ús foargean yn syn
trou oan wat er tasein hie
oan Abraham en ’t neiteam,
sa machtich as oan see it sân;
’t wie folle mear as goede rie,
in eed brocht Abraham yn ’t spoar,
de reis wie sa gjin offer
mear, it gie nei it beloofde lân,
it leauwe wie dêr nedich foar.

* Jan Victors (1619-1676)
Schilderij ‘Abraham’

admin

Brief oan de Hebreeërs 2

Bibelbylden

fan Michelangelo*

Lit ús sjen nei âlde tiden
doe’t Mozes boude oan it hûs
fan God, de tocht troch de woestyn;
der wiene stiennen by de rûs
foar ’t hûs, dêr’t hy ’t folk hinne fierde.

Yn ’t kwea wie ’t folk behurde,
woe bliuwe yn it âlde lân,
net yngean yn de rêst fan ’t hûs,
ferbriek sa de fertrouwensbân
en harke net nei wiere wurden.

Lit ús sjen nei Jezus’ libben,
boumaster fan it hûs fan God,
dy’t nûget: ‘Gean gerêst deryn.’
It leauwich folk komt dêr oan bod,
dat is wêr’t Mozes ek nei stribbe.

* Michelangelo (1475-1564)
Byld ‘Mozes’

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum