Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Jezus as jonge

Bibelbylden

fan Georges de La Tour*

Se wolle ha, ik bin bysûnder,
want wa is no berne yn in stâl
en krijt dyselde nacht besite?
Dan wiene se mei my wol mâl,
mar dat koe ’k doe net witte.

Mem hat it wolris oer in wûnder:
withoefolle ingels songen lûd
in liet foar hoeders yn dy krite,
’t gie ek oer my as wie ’t in groet,
mar dat koe’k doe net witte.

Heit praat net folle, kin net sûnder
seage, hammer, spikers en syn boar,
ik help him wolris, jûns nei iten,
dêr is syn âldste soan ek foar,
hy lit dat swijend witte.

Mem sjocht my oan as wie ’t bysûnder
dat ’k sawol myn hân as mûle brûk;
se sil it my grif net ferwite
dat ik graach lês yn Heit syn boek,
it giet my om te witten.

* Georges de La Tour (1593-1652)
Skilderij ‘Jozef as timmerman’

 

admin

Skôgje op ‘e âlde dei

Bibelbylden

fan Rembrandt*



Nea hie ’k tocht dat ik belibje mocht
wat my op dizze dei oerkaam,
hoewol’t ik profetesse bin…
dochs ha ’k net om it jonkje socht.

Sân jier ha ’k it lok belibje mocht
fan troude frou, eins noch jongfaam;
hoewol’t ik oer de tachtich bin,
ha ’k yn de timpel eare brocht.

Eare oan de Iene, nacht en dei,
want Hy jout my it libbensljocht,
sadat ik no noch skôgje kin
it heil, dêr is de ein fan wei.

Wat ik skôgje, jou ik hjoed noch troch,
want dochs ha ik der wol om socht:
ferlossing, brocht troch ’t iene bern…
hy seach my oan, ik sjoch it noch.

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Simeon en Anna yn de timpel’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum