Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Natanael praat mei Tomas

Bibelbylden

fan Domenico Fetti*

Freon Tomas kaam jûn efkes oan,
myn freon, jawis, ik ha no alve maten
en Jezus is ús master,
ik bin der wis fan… ek Gods Soan,
wat my yn ’t earst net oan woe,
no woe Tomas mei my prate
oer de fijân om ek fan te hâlden,
wat er net begripe koe,
en ek net om him altyd stil te hâlden
as syn fijân moarn foar master opslaan soe,
hy fûn dat Jezus maklik prate
koe, want wie in oardiel sa ferkeard?
En dan it foarbyld oer de blinen,
wie dat net in iepen doar…
gjin bline wiist de oar it paad,
want soks giet op ’e kop ferkeard,
hast yn de kop dêr net twa eagen foar?
Dan noch de balke yn dyn eigen each,
freon Tomas koe dêr net oer út,
want soed er by himsels in splinter fine
mei dy balke yn ien each?
Dat Tomas fûn dat byld mar neat.

Watsei… wat myn reaksje wie?
Dat Jezus sa mei ús as maten prate
woe… yn bylden, dus mei wat foar eagen,
sûnder balke of in splinter, want sa hie
freon Tomas wat om oer te praten.

* Domenico Fetti (sirka 1589-1623)
Skilderij ‘De balke en de splinter’

admin

Tomas by himsels

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Net dat it my al spite soe
dat ’k Jezus folge bin,
syn dwaan en litten sprekt wol oan,
dat sjocht men ek oan al dy minsken;
wat er docht, is net gewoan…
’t foldocht my net sa min.

Net dat ik it gau oars ha woe,
want Jezus wol it lok
ta ha oan earmen, dat sprekt oan,
gjin sprake fan om mear te winskjen!
Riken ha ’t by him bedoarn,
foar harren is de flok.

Mar ja, ik soe it grif net dwaan,
’k bedoel dan nei dy grap
fan ’t wang, wol hy fan elkien ha
om ek it oare ta te kearen;
soks is dochs gjin dwaan, want sa
krijst gauris klap op klap.

Ikoan ‘Wiisheid fan God’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum