Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Berou fan in publike frou

Bibelbylden

fan Dirk Bouts*



Net dat gjinien mear nei my wiist
op strjitte as publike frou,
net elkenien kin witte
dat myn triennen wiene foar de Hear,
dy’t ik de fuotten waske,
dêrnei salve, want ik hie berou
oer alles wat ik mar net litte
koe, wat Simon ek net noaske…
dy Fariseeër fûn ’t mar neat
dat soks… nee, ik bedoele fansels
’t fersoargjen en ek tútsjen fan de Hear
syn fuotten, op ’e kop ferkeard,
dat liet er dan ek lûdop witte,
ja, soks barde by him thús,
mar ik kaam ek thús, waard mysels
wer, want de Hear seach my wol sitten,
hold myn dwaan oan Simon foar
en ferjoech wat ik misdien hie,
wat net mear nei myn ferline wiist.

* Dirk Bouts (sirka 1410-1475)
Skilderij ‘Kristus yn it hûs fan Simon’

admin

Fan in learling fan Jehannes

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Us master wie net yn syn âlde dwaan,
hy koe it net rjocht fine
oft Jezus wol syn eigen master wie,
dus moasten wy it antwurd jaan
troch nei te gean wat Jezus die,
teminsten… ’t kaam dêr wol op del.

Dus mei ús trijen nei him op ’en paad
om him al gau te finen
by al it folk dat om him hinne stie;
doe namen wy ús kâns te baat:
de fraach oft hy dy master wie
dy’t komme soe, klonk justjes skel.

Hy woe, wy moasten om ús hinne sjen,
dan soe syn ljocht wol skine
op al it folk dat better wurden wie,
gjinien gie om syn kwaal ferlern,
hy stie har by mei rie en die,
dêr kaam it hielendal op del.

Us master koene wy doe antwurd jaan:
‘By Jezus is ’t te finen!’

* Missale Romanum
Ofbylding ‘Jehannes stjoert learlingen nei Jezus’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum