Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Praat fan in jonkje

Bibelbylden

fan ûnbekend*



Fan de grutten mei it net
as lytsen mei har prate,
want wy witte der neat fan
hoe’t alles krekt bestiet en giet,
dus dêrom hâlde wy ús stil,
mar ik wie juster wol benijd
doe’t grutten nei ien harken,
want in oar hie ’t oer de grutste…
ik wol ’t wol witte dat ik skrok
doe’t hy, dy man, my wonk;
dêr stie ik dan nêst him,
dy’t wer begûn te praten,
no oer my, dus ik as lytste
foar dy grutte manlju oer,
sy moasten my opnimme…
mar hoe koe ik witte wat dat wie…
dan namen sy dy man ek op
en ek ien dy’t him útstjoerd hie…
ik snapte der net folle fan…
want waarden wy sa maten?
It wie miskien in stomme fraach,
dus hold ik my mar stil
en hearde wat hy doe noch sei:
‘Wa’t de lytste is, dy is de grutste.’
Witst… dat wol ik graach.

* Yllustraasje ‘Jezus en it jonkje’

admin

De ferbjustering fan Simon

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Nee, ik bin Simon Petrus net,
de fisker, ’t wurd foaryn de mûle,
mar ik bin wol ien fan de tolve,
ha my ta in opdracht set,
it libben, dat wie myn bedoeling.

It libben kriich dy jonge wer
doe’t Jezus satan út him jage,
wy hiene dat net rêde kinnen,
dat wy skammen ús, ’t is earlik, hear,
it libben hat foar ús mear fragen.

Gjin fragen, harkje moasten wy:
hy soe yn minskehannen falle,
it wie as rekke it doe tsjuster,
de bedoeling gie oan ús foarby,
my draait it no noch yn de holle.

Mar Simon Petrus hat dat net,
hy lei de hân skean by de mûle
en sei sêft dat syn hannen jûken,
want hy hie gau mei dy oare ret,
jawis, dy Simon is in fûle.

* Yllustraasje ‘Jezus yn minskehannen’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum