Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Konfrontaasje by it miel

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Ut goederbêst hie ik him noege
oan myn tafel foar it miel,
mei kwea hat hy it ús ferjilde,
gjin hap kriich ik mear troch de kiel.

Om’t hy foar iten net hanwaske,
brocht ik him dat yn it sin,
út goederbêst liet ik soks jilde,
de hûd moat foar it miel wol skjin.

Wy giene troch foar ûnferstannen,
ja, dêr skold er ús foar út:
‘Fan bûten skjin, mar net fan binnen!’
It wie noch net syn einbeslút.

Wy longeren op foarste plakken
yn de synagoge en
ferwachten groet nei groet te winnen,
want op ’e merk soe elk opsjen.

Ien fan myn gasten kaam nei foaren,
hie fan ’t skellen skjin syn nocht,
doe krigen wetgelearden ’t leksum,
se diene ’t sljochte folk gjin rjocht.

As gasthear koe ’k it net mear folgje,
binnen wie it spul wol oer,
ek bûten waard it praat net streksum,
wat oerbleau fan it miel, wie soer.

* Yllustraasje ‘Fariseeërs’

admin

Fan de stomme duvel befrijd

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Ik snap net hoe’t it kin,
mar wêrom moat ik alles witte?
Wichtich is om wer te praten;
as stomme wie ik krekt in bern
dat oaren oan syn lot oerlitte.

Beëlzebul, dat is
de opperduvel fan dy oaren,
ien dêrfan hie my te pakken;
as stomme hie ’k it altyd mis,
mar dat hat Jezus hjoed feroare.

Ik snap net wat er sei
doe’t oaren ’t oer de duvel hiene
dy’t him holp mei it ferjeien;
ik wie der dik tefreden mei
dat alle duvels flechte wiene.

Ien ding snap ik wol goed,
hy, Jezus, docht it net allinne,
moat wol help fan boppen krije;
as prater ha ik alle moed
om mei in rjochte rêch te rinnen.

* Yllustraasje ‘Jezus driuwt in duvel út’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum