Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Gelikenis fan Petrus

Bibelbylden

fan Rembrandt*

Twa broers yn in gelikenis,
dy’t Jezus hjoed oan ’t folk fertelde,
daliks ha ik oan Andréas tocht
as jongste, net dat hy in sûper is,
hy hat de frijheid ek net socht…
ik koe ’t ferlykjen dochs net litte.

As âldste bin ik aardich wis
en bleau ús heit ek trou mei ’t fiskjen
oant de dei dat Jezus by ús kaam,
gjin sprake fan dat it doe misgien is,
wy hiene beide noch gjin faam
en ha ús heit net sitte litten.

Andréas is de jongste soan
en hie al gau syn nocht fan ’t fiskjen,
dus dat Jezus rôp, kaam him wol út,
as Benjamin is hy troch heit bedoarn,
net dat hy út is op ’e bút,
mar dochs… ik moast as âldste switte.

Ik sjoch myn broer der net foar oan
dat hy foar heit falt op ’e knibbels,
lykas yn ’t ferhaal de jongste soan…
men kin fansels by einbeslút nea witte.



* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Gelikenis fan de ferlerne soan’

admin

Hannen op ‘e hollen

Bibelbylden

fan Nicolaes Maes*

As mem hat men it bêste foar
mei ’t bern út eigen skurte wei,
dus wie my neat tefolle
op dizze dei.

In skare folge yn it spoar
fan Jezus, ek wy rûnen mei,
de memmen mei har skatten,
sa’t Rachel sei.

Sy gie mei Ruben op him ta,
mei Marta ik der achteroan,
mar ho, ien woe ús keare,
hy hie ’t bedoarn…

… by Jezus, dy woe ’t net sa ha,
ús berntsjes liet er komme, lei
de hannen op ’e hollen,
wat alles sei.

* Nicolaes Maes (1634-1693)
Skilderij ‘Jezus jout de seine oan de bern’ 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum