Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Broer Petrus fan de troan

Bibelbylden

fan ûnbekend*



Broer Petrus siet hjoed wer foaroan
doe’t Jezus oan it learen wie,
want better learling is der net,
prinshearlik sit er op ’e troan,
hy foel derôf en hie it dus net ret.

In feint, sei Jezus, docht syn plicht,
ek as er nei it wurk fan ’t lân
komt, want it miel moat dan noch klear,
gjin sprake fan in noartsk gesicht,
sa is it feintelibben no ienkear.

Broer Petrus loek in noartsk gesicht
doe’t Jezus sei, wy wiene feint,
dêr kaam it yn ’t bestean op oan,
net oars dwaan as gewoan ús plicht,
dat Petrus moast as feint wol fan de troan.

* Boarne: barefootpreachr.files,wordpress.com

admin

Wat in rike mist

Bibelbylden

fan Hendrick ter Brugghen*



Fansels is ’t in gelikenis,
mar lykje ik net op dy rike man,
ik dy’t dwaan kin wat myn hert begeart?
Mar wa’t ik by myn poarte mis,
is Lazarus… nee, misse is gjin sprake fan,
ik soe my skamje, hie ’k him keard.

Mar dochs, dy Jezus seach my oan
as wie ’k dy man en libbe ’k te rojaal
mei dy earme lijer foar de doar,
’t ferlyk mei my loek ik my oan,
mar is myn eigen libben wol sa ideaal?
Ik ha ek soargen… as in oar.

De soarch om net mear te bestean,
want stel dy foar, moarn is it mei my dien…
kaam dy rike man net yn it fjoer
mei al syn jild en kreaze klean?
Dan Lazarus, hy is nei Abraham ta gien…
foar my wurdt dat miskien in toer.

Jawis, as dat dan wier sa is,
dan mis ik foar de doar in Lazarus.

* Hendrick ter Brugghen (1588-1629)
Skilderij ‘De rike man en de earme Lazarus’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum